Bunker Amelân wurdt opgroeven

26 nov 2010 - 12:14
  • (argyffoto)

Yn de Hollumer dunen op It Amelân wurdt moandei de tagong ta in bunker iepengroeven. De bunker wie ûnderdiel fan de Atlantikwall en is yn de jierren 60 ûnder it sân ferdwûn.

Neffens de ferhalen soe er noch yn takt wêze. Mei help fan argyfkaarten en troch wat minsken noch wisten is de lokaasje fan de bunker wer ûntdutsen. De bunker wurdt opgroeven yn opdracht fan de Stichting Amelander Musea. Dy wol besjen oft de bunker as museum brûkt wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)