Bungalowpark It Wiid fallyt

05 des 2003 - 00:00

Bungalowpark Bûtenpleats It Wiid giet fallyt. De eksploitaasjemaatskippij fan it park hat tongersdei útstel fan betelling oanfrege en in fallissemint liket net mear te kearen. Troch it fallissemint komme 73 minsken op strjitte te stean.

It fallissemint soe komme om't de eigners net in hegere bydrage leverje wolle foar it behear fan it park. In 80 eigners betellen sels hielendal net mear mei oan de behearsmaatskippij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)