Bûnen moatte mei Haitsma prate

14 jun 2013 - 11:57
  • Haitsma Beton

De wurknimmers fan Haitsma Beton yn Koatstertille roppe de direksje fan it bedriuw op om op syn lêst 20 juny mei de fakbûnen te praten oer in sosjaal plan. Ein 2010 ferlearen alve minsken harren baan. No moatte der nochris seis fan de hast hûndert wurknimmers út. De ûntslachproseduere by it UWV is yn gong set, mar de fakbûnen binne noch net by de reorganisaasje belutsen. Mei dat lêste binne de leden fan FNV Bondgenoten en CNV Vakmensen it net iens. De wurknimmers sette ûnder oare yn op in hegere ûntslachfergoeding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)