Bûnen fine ferkeapplannen nuver

28 aug 2004 - 11:51

De fakbûnen binne fernuvere oer it beslút fan fiedingsbedriuw CSM om de snobbersguod-divysje te ferkeapjen. Foaral de ferkeap fan it fabryk yn Snits ropt grutte fragen op, omdat de lêste jierren foar tsientallen miljoenen yn dit fabryk ynvestearre is.

It nijs dat it fabryk dit jier noch ferkocht wurde sil wie foar de bûnen folslein ûnferwacht. Nije wike is der oerlis tusken de direksje fan RBV Leaf en de bûnen oer de ferkeapplannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)