Bûnen bliid mei oername Hubert

21 okt 2002 - 00:00

De fakbûnen binne optein oer de oername fan Hubert yn Starum troch Scheepswerf Harlingen Holding (SHH) út Harns. Neffens it CNV hie Hubert by it Frânske memmebedriuw Vivendi gjin takomst mear.

By Hubert wurkje 60 minsken yn de wettertechnology. By SHH heart ek Landustrie yn Snits, dat ek aktyf is yn de wettertechnology. De bûnen praten moandei mei de wurknimmers fan Hubert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)