Bûn tsjin fytsbrêge Snits

13 nov 2013 - 22:35
  • Fytser mei blommen achterop

It Fytsersbûn Fryslân stapt mooglik nei de rjochter om de nije fytsbrêge oan de Lemmerwei yn Snits te kearen. Neffens it bûn is de brêge in te grut obstakel foar de fytsers dy't oan de súdkant de stêd út wolle.

De nije brêge is ûnderdiel fan it plan Wetterstêd Snits. Yn dat plan komt der in nije farwei by de súdlike rûnwei lâns. Om dat foarelkoar te krijen, soene de fytsers yn de takomst oer in nije brêge moatte, om dêrnei troch in tunnel ûnder de rûnwei sels troch te fytsen. De klim wurdt dêrtroch te grut, sa fynt it fytsersbûn.

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân nimt woansdeitejûn in beslút oer de nije fytsbrêge en oer it plan Wetterstêd Snits. As de ried ynstimt mei de plannen is de kâns grut dat it fytsersbûn nei de rjochter stapt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)