Bûn ACP net iens mei krityk

23 apr 2013 - 11:01
  • Plysje-embleem

It plysjefakbûn ACP kin him net fine yn krityk dy't de korpslieding fan de plysje Noard-Nederlân hat op de konklúzje fan in enkête oer de Facebookrellen yn Haren. It bûn konkludearret dat plysje-aginten gjin betrouwen hawwe yn ferbetterings dy't trochfierd binne nei oanlieding fan de rellen.

De korpslieding set fraachtekens by dizze konklúzje om't fan de fjouwertûzen plysjes dy't de enkête krigen hawwe, der santich meidien hawwe oan it ûndersyk. Hoewol de respons lyts is, fynt it ACP it ûndersyk betrouber.

It bûn wol dat der in ynhâldlike diskusje komt oer de soargen dy't plysjes hawwe en net oer de respons fan de enkête.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)