'Buma ûntmoediget korpsen'

04 feb 2007 - 12:49

Buma/Stemra ûntmoediget muzykkorpsen om by konserten solisten yn te hieren. Dat fynt it kristlik bûn fan muzykferienings yn Fryslân.

De auteursrjochte-organisaasje easket 7 persint fan de resette by konserten wêrby't, neist it korps, ek solisten meispylje. Dat is foar guon korpsen in soad jild. Ek is der oer it generaal in soad ûndúdlikens oer it belied fan Buma/Stemra. Dat die fan 't wykein bliken op de jiergearkomste fan it bûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)