Buma jout les yn Ljouwert

29 okt 2013 - 22:19
  • Sybrand van Haersma Buma, fraksjefoarsitter CDA

Fraksjefoarsitter Sybrand Buma fan it CDA komt freed nei Ljouwert om foar de klas te stean. Hy is te gast yn de les Maatskippij en Media op it Christelijk Gymnasium Beyers Naudé. De CDA lieder sil fertelle wat de ynfloed fan de media op him is en hoe't hy dêr mei omgiet. Fyfde klassers sille ek fragen oan him stelle. Sybrand Buma is it hiele wykein yn Fryslân te finen.

Sneon is yn it WTC Expo it CDA-partijkongres. De partij hat foar Ljouwert keazen omdat hjir op 13 november yn ferkiezings binne yn ferbân mei de weryndieling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)