Bultrêch Johannes is dea

16 des 2012 - 10:55
  • Bultrêch Johannes

Rederij Noordgat fan Skylge hoecht net mear yn aksje te kommen om de bultrêch walfisk by Teksel te rêden. De gemeente Teksel hat melden dat it bist dea is. Noordgat hie snein noch besykje wollen om in geul om de fisk hinne te meitsjen, om him fan it eilantsje Razende Bol ôf te krijen.

De rederij woe dat sneon ek al dwaan, mar waard doe tsjinhâlden troch de plysje, yn opdracht fan de gemeente Teksel. Noordgat hat ûnderfining mei it rêden fan grutte seefisken en fynt it spitich dat de rederij net de kâns krigen hat de bultrêch te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)