Bulten michjes op Ofslútdyk

26 apr 2007 - 14:17

De hege temperatuer fan it Iselmar-wetter makket dat Ofslútdyk pleage wurdt troch kloften michjes. De aaikes yn it wetter komme út as de wettertemperatuer de 11 graden berikt hat. Oars is dat pas heal maaie it gefal, mar troch de waarme winter en de waarmte fan de ôfrûne wiken komme de miggen no al út.

Benammen fytsers hawwe lêst fan de miggewolken. Ek autoruten wurde der tige smoarch fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)