Búkgriep yn guon stimsintra

22 jan 2003 - 00:00

Yn in tal âldereinhûzen is búkgriep útbrutsen. It firus is ûnder oaren oantroffen yn Marienacker yn Warkum, Avondrust yn Makkum, Aylva-state yn Wytmarsum, Saxenoord yn Frjentsjer en Martenahiem yn Tsjom.

Om't der yn guon âldereinhûzen ek stimsintra sitte, binne der maatregels nommen. Sa moasten de kiezers fia de sydyngong nei binnen en waarden de sike minsken sa folle mooglik apart hâlden fan de sûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)