Buis ûnder de wei troch foar otters yn gebiet Easterskar

23 feb 2015 - 10:51

In buis ûnder de Gaasterwei tusken Rotsterhaule en Rotstergaast is koartlyn geskikt makke foar otters. De bisten sitte ûnder oare yn natuergebiet it Easterskar fan It Fryske Gea. De buis siet der al, mar hy hie gjin funksje mear foar de wetterhúshâlding en wie ôfsletten.

In brede provinsjale oanpak fan otterknipepunten is der noch net. Salang besiket It Fryske Gea dêr wêr't it kin sels oplossings te finen. By it geskikt meitsjen fan de otterbuis by it Easterskar wie Wetterskip Fryslân ek belutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)