Buggy's brûkt by stellerij

27 jul 2011 - 10:08

Twa Drachtster memmen binne tiisdei op It Hearrenfean oanhâlden foar stellerij út winkels. De froulju fan 20 en 26 jier brûkten de buggy's mei de bern deryn om fergees boarterguod mei te nimmen yn in winkel oan de Passage. De iene frou waard pakt op it Boargemaster Kuperusplein, de oare by in tankstasjon.

Yn Easterwâlde is in 17-jierrich famke út Hoogeveen oanhâlden dy't de buggy brûkte om fleis te stellen. De bedriuwsleider hie dat sjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)