Buertûndersyk yn Koatstertille

02 feb 2008 - 10:43

De technyske rezjerzje is oan de Seine yn Koatstertille dwaande mei spoare-ûndersyk, nei oanlieding fan de deadlike sjitpartij. Dêr is in 36-jierrige frou by om it libben kaam. In part fan de strjitte is ôfset.

Buertbewenners yn Koatstertille ha neat heard fan de sjitpartij. Se ha ek nea wat fan eventuele problemen fernaam. De frou wennet der sûnt novimber 2006. Se hat in soantsje, mar dy wie dy nacht net thús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)