Buerttún Heechterp iepene

15 apr 2012 - 12:46

Wêthâlder Thea Koster fan Ljouwert hat sneon de buerttún fan Heechterp-Skieringen iepene. It giet om in mienskiplike tún foar 17 bewenners dy't sels gjin tún ha. De tún is oanlein op it plak fan de eardere lânbouskoalle. As iepeningshanneling plante Thea Koster tegearre mei gemeenteriedslid Gerben Hoogterp fan PAL/GrienLinks in prûmebeam.

Der is in soad belangstelling foar de buerttún, want der is al in wachtlist fan 15 persoanen dy't ek graach in stikje grûn hawwe wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)