Buertsupers Talant súksesfol

13 feb 2004 - 00:00

De twa supermerken dy't soarchynstelling Talant ferline jier oernommen hat, buorkje goed. De omset giet omheech en klanten komme werom.

Talant hat yn Aldeberkeap en Wurdum twa supermerken fan Attent oernommen. Dy wiene net mear rendabel. Talant hoecht lykwols gjin winst te meitsjen. Yn de supermerken wurkje sa'n alve minsken mei in ferstanlik handikap. Dy ha dêr in geskikt wurkplak, dat soms earne oars net te finen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)