Buertsje sloopt foar nijbou

05 jul 2011 - 22:38

De West-Yndyske buert yn Ljouwert wurdt sloopt. Dat hawwe de bewenners tiisdeitejûn te hearren krigen fan wenningboukorporaasje Elkien. De nei-oarlochske wenningen binne net mear by de tiid en opknappe wurdt te djoer, fynt de wenningboukorporaasje. De 134 huzen geane plat.

Troch te slopen kinne gruttere en duorsume huzen boud wurde en binne bewenners en wenningboukorporaasje goedkeaper út, tinkt Elkien. Alle bewenners kinne werom nei de wyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)