Buertbewenners Aldeholtpea lilk oer 'oplossing' gemeente

08 jan 2016 - 20:53
  • De Grutte Kamp yn Aldeholtpea dêr't de elzen stean

De bewenners oan de Grote Kamp yn Aldeholtpea binne net tefreden oer de oplossing fan de gemeente Weststellingwerf foar de beammekap. Nei klachten fan bewenners jout de gemeente tastimming foar de kap fan 36 elzen. De beammen soenen foar slimme allergyske reaksjes soargje by buertbewenners. Mar de kosten fan de kap komme foar it grutste part by de bewenners sels te lizzen. Om't de beammen fan de gemeente binne en ek op gemeentegrûn steane, fynt de buert dat net terjochte.

Yn totaal kostet de kap 23.000 euro. Dêrfan draacht de buert al 8.000 euro by troch sels in part fan it kapwurk te dwaan. Mar de gemeente jout in fergoeding fan noch gjin 7.000 euro, wêrtroch der nochris 8.000 euro fan de buertbewenners frege wurdt. En dêr is de buert tige min oer te sprekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)