Buertauto yn Boalsert

14 apr 2008 - 13:27

It ynsetten fan in buertauto kin foarkomme dat der yn Boalsert noch mear parkearplakken oanlein wurde. Dat tinkt de miljeuwurkgroep yn Boalsert. De wurkgroep wol him oanslute by Wheels4all, in organisaasje dy't al 100 buertauto's yn Nederlân hat.

Dy auto's kinne brûkt wurdt troch minsken dy't lid binne fan Wheel for all. Sy hoege dan net sels in auto of twadde auto oan te skaffen, dy't yn 'e buert parkeard wurde moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)