Buertauto foar Snits

19 okt 2010 - 21:27
  • Snits soe ek in buertauto krije moatte

De Miljeu Wurkgroep Boalsert wol graach dat Snits in buertauto krijt. Sa'n auto dy't troch meardere minsken brûkt wurdt, rydt sûnt ferline jier yn Boalsert. Njoggentjin minsken meitsje dêr gebrûk fan.

Neffens de miljeugroep hiene in pear jier lyn al sa'n tsien minsken yn Snits ek ferlet fan in buertauto. Se wolle no útsykje hoe grut de belangstelling krekt is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)