Buert ûntromme nei fûle brân

25 feb 2008 - 08:01
  • Brân Sibrandabuorren (foto: Alex Zwart)

Nei in skoarstienbrantsje is moandeitenacht in wenning yn Sibrandabuorren folslein útbaarnd. Omlizzende wenningen moasten troch de grutte reekûntwikkeling ûntromme wurde.

De brânwacht waard by in skoarstienbrân op de Korfmakersstrjitte roppen, mar by oankomst stie it hiele dak fan de wenning al yn brân. De bewenners fan it hûs ha harren sels rêde kind en binne opfongen troch buorlju.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)