Buert ûngerêst oer teater

08 jan 2008 - 20:08
  • Omwenjenden fan Snits ferwachtsje parkearoerlêst

It komitee fan ferûnrêste omwenjenden fan it takomstige teater yn Snits, wurdt oerstjelpe mei reaksjes. Yntusken is in feriening oprjochte om makliker juridyske stappen sette te kinnen.

Nei in hûs-oan-hûs-folderaksje yn de buert twa wike lyn ha hast 70 minsken witte litten ek soarch te hawwen oer oerlêst dat it teater jaan sil. Se ferwachtsje lûds- en parkearoerlêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)