Buert skokt troch famyljedrama

17 apr 2009 - 21:50

Bewenners fan de Jan Lievensstrjitte en de buert der omhinne yn Ljouwert, reagearje skokt op de útkomst fan it plysjeûndersyk nei de dea fan it echtpear Ronner. Freedtemiddei hat de plysje bekend makke dat de 71-jierrige man sels syn 66-jierrige frou deasketten hat. Dêrnei hat er himsels tekoart dien.

Yn de buert wie ûnrêst ûntstien. Guon bewenners wiene benaud dat it pear mei geweld oerfallen wie. De measten hiene net tocht oan in famyljedrama.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)