Buert lilk oer hynstesintrum

24 nov 2005 - 16:51

Omwenners fan it Frysk Hynstesintrum yn Drachten lizze har der net by del dat de gemeenteried Smellingerlân it nije ûntwerp-bestimmingsplan goedkard hat. Se wolle net dat it sintrum ek oare eveneminten sûnder hynders hâldt. It soe dan folle drokker op de dyk en ferkearsûnfeiliger wurde.

De omwenners hawwe ûnderwilens beswier oantekene by de provinsje. Se tinke noch nei oer protestaksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)