Buert foar miljoenen opknapt

02 jul 2009 - 21:26

De Mondriaanbuert yn de Ljouwerter wyk Bilgaard wurdt foar hast 27 miljoen euro opknapt. De gemeente Ljouwert en wenningkorporaasje WoonFriesland ha dêr oerienstemming oer berikt. Alle 170 huzen wurde sloopt. Der komme der 143 foar werom. Dy huzen foldogge oan de lêste easken en binne enerzjysunich. Der is in soad draachflak foar de plannen: 94% fan 'e minsken is it der mei iens. Nei de boufak takom jier kinne de earste minsken werom yn har hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)