Buert bliuwt tsjin komst ferslaafdenklinyk op It Hearrenfean

09 maaie 2015 - 12:05
  • GGZ

De komst fan in klinyk foar ferslaafden falt net goed yn de wyk It Hearrenfean-Noard. Ut in enkête docht bliken dat 87 prosint net wol dat der in GGZ-kompleks komt oan de Kastanjeleane. De enkête fan it bewennerskomitee wurdt op 19 maaie offisjeel presintearre. It komitee hat 850 bewenners benadere. Ien op de fjouwer hat de list ynfolle.

Yn it ferline soe der ek al in ferslavingsklinyk komme. Doe wie der grutte ûnrêst en waard it beslút útsteld om de bewenners der mear betrouwen yn te jaan. De miening fan de bewenners is net feroare.

De buertbewenners binne benaud foar oerlêst fan de ferslaafden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)