Buert bang foar wentoer Fean

20 maaie 2008 - 23:59

Omwenjenden binne bang foar oerlêst as der in wentoer fan 13 ferdjippingen boud wurdt by it NS-stasjon fan It Hearrenfean. De gemeente wol oannimmer Van Wijnen tastimming jaan dêr in 42 meter heech gebou del te setten, mar de buert is bang dat harren wengenot dêr slim fan te lijen ha sil.

Tiisdeitejûn waard de buert ynljochte oer it bouplan. Inselde bouplan op it Geert Willigenplein fan Van Wijnen waard earder troch de ried ôfkard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)