BTW-nûmer no ek by KvK

31 mrt 2008 - 11:29

Minsken dy't in ienmanssaak, in Vennootschap Onder Firma oft in Commanditaire Vennootschap begjinne wolle hoege sels net mear in btw-nûmer oan te freegjen by de Belestingtsjinst. By in iemanssaak kin de ûndernimmer it nûmer sa meinimme by de Keamer fan Keaphannel.

Yn de beide oare gefallen wurdt it binnen in wike tastjoerd. Doel fan de nije service is om it ûndernimmers makliker te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)