BSE spilet Rendac mooglik parten

01 des 2000 - 18:41

It ferbod op it brûken fan fleismoal yn feefoer kostet destruksjebedriuw Rendac yn Burgum in knoarre jild. De Europeeske lânbouministers beslute moandei oer it útstel fan 'e Europeeske Kommisje. Dy wol in ferbod yn ferbân mei BSE.

Giet it troch, dan moat Rendac in healjier lang fleismoal opslaan. Dat kostet miljoenen gûne. Fleismoal wurdt makke út slachtôffal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)