BSE-boer lit alle kij ôffiere

03 jun 2002 - 00:00

De boer yn Skarsterbrêge by wa't in ko mei BSE fûn is, hat dochs syn hiele bedriuw romje litten. It BSE-gefal kaam ferline wike oan it ljocht. Op it bedriuw stean 188 kij.

De boer hie dit wykein besletten dat alle bisten dochs fuort moasten. Wegering soe betsjutte dat er syn molke en it fleis net mear kwyt koe. It bedriuw hie dan sân jier 'op slot' moatten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)