BSB stjoert blommen nei dupearren kraanûngelok Alphen

07 aug 2015 - 12:28

Boubedriuwen BSB Staalbouw út Sumar, Mourik en Peinemann hawwe blommen stjoerd nei goed hûndert dupearren fan it kraanûngelok yn Alphen aan den Rijn. De trije bedriuwen hienen de ferantwurdlikheid foar it bouplak dêr't it moandeitemiddei misgong. Twa kranen en in part fan de nije Julianabrêge foelen op huzen en bedriuwen.

In swarte dei, sa neame de trije bedriuwen it ûngelok. De nije brêge wie troch BSB yn Sumar makke. Sy wienen yn Alphen om mei te wurkjen oan de montaazje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)