BSB Staalbouw stoart jild yn stipefûns dupearren Alphen

18 aug 2015 - 16:03

BSB Staalbouw út Burgum en de oare bedriuwen dy't belutsen wiene bij it kraanûngelok yn Alphen aan den Rijn stoarte 1,25 miljoen euro yn in stipefûns foar de dupearren. It jild is yn it foarste plak bedoeld om de huzen en winkels opnij te bouwen en gebouwen mei skea te werstellen. Achttjin huzen binne ûnbewenber trochdat der twa kranen op foelen.

BSB Staalbouw en de oare bedriuwen betelje it jild earst sels. Letter wurdt sjoen oft it ek ferhelle wurde kin op de fersekering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)