Brutsen tean foar Rutmer vd Meer

07 jun 2006 - 11:27

Rutmer van der Meer kin foarearst net keatse. De opslagger út Sint Jabik hat syn grutte tean op fjouwer plakken brutsen. Van der Meer moat yn alle gefallen fjouwer wiken mei syn foet yn it gips sitte. Hy hopet dat hy op de Rengerspartij fan 16 july wer fit is.

Syn maten, de bruorren Chris en Jacob Wassenaar, moatte no op syk nei in ferfanger. Neffens de nije regleminten fan it keatsbûn mei der net mear bylotte wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)