Brutale stellerij djoere motor

01 apr 2014 - 11:37
  • Plysjejas

De plysje ûndersiket de stellerij fan in Harley Davidson-motor fan it terrein fan it Bogermankolleezje yn Snits. De eigener stalde syn motor dêr oan it begjin fan moandeitejûn. Hy makke him dêrby mei it kettingslot fêst oan it fytsehok. Doe't er letter werom kaam by de motor wie dy ferdwûn.

Nei alle gedachten hawwe de dieven de motor bewurke mei in seage of slyptol om in los te krijen, want it kettingslot wie noch yntakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)