Brussel: stipe foar skipsbou

21 jan 2004 - 00:00

De regeling om skipswerven subsydzje te jaan wurdt ferlingd. Alteast dat wol de Europeeske Kommisje. De werven moatte oant ein maart 2005 ta stipe krije.

Trochdat Súd-Korea skippen op de merk dumpt is der sprake fan ûnearlike konkurrinsje. Dêrtsjin is in klacht yntsjinne by de Wrâld Hannels Organisaasje. Oant der in útspraak is, stelt Brussel tydlike ferlinging fan 'e subsydzjeregeling foar. Dy jildt foar de bou fan bepaalde typen skippen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)