Brussel betellet net foar slûzen Koarnwertersân

25 nov 2015 - 11:41
  • Europa betellet net mei oan de ferbreding fan de slûzen

De ferbreding fan de slûs by Koarnwertersân krijt gjin jild fan Brussel. De subsydzjekommisje fan Europa kiest foar oare projekten, sei deputearre Kielstra woansdei yn provinsjale steaten. Kielstra neamt it in tebeksetter. In ferbreding fan de slûs by Koarnwertersân moat 140 miljoen euro kostje. Fryslân betellet sels 10 miljoen en ek it bedriuwslibben wol meibetelje.

In bredere slûs is goed foar de jacht -en skipsbou, bygelyks dy yn Makkum. Dêr wurde grutte jachten boud, dy't no fia Amsterdam nei see moatte, omdat de slûzen te smel binne.

Tongersdei freegje de keamerleden Lutz Jacobi (PvdA) en Betty de Boer (VVD) yn de Twadde Keamer oandacht foar it ûnderwerp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)