Bruorren oppakt foar mishanneling buorman yn Ljouwert

13 apr 2015 - 10:21

Twa Ljouwerter bruorren binne snein oanhâlden nei't se de buorman fan de jongste broer bedrige en mishannele hiene. De manlju, fan 49 en 66 jier, hiene de 37-jierrige buorman by syn wenning bedrige, ûnder oare mei in mes. De kamera fan de man rekke stikken.

Neffens de buorman wie der gjin oanlieding foar de mishanneling. De plysje siket dat no út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)