Bruorren Landman tekenje by

15 maaie 2008 - 15:51

De bruorren Jacco en Erik_Landman spylje ek takom seizoen foar de Vadeko Flyers. De iishockeyers hawwe foar ien jier bytekene. Ek oanfierder Hans Kroon hat syn kontrakt by de Flyers mei ien jier ferlingd. Dêrmei hat de club in goede slach slein mei it each op de seleksje foar takom seizoen.

De Flyers besykje ek om in seistal bûtenlanners op It Hearrenfean te hâlden, mar dy wolle noch efkes neitinke oer de oanbieding dy't se krigen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)