Bruorren Anker yn Kameleon 2

21 jul 2004 - 16:23

Willem en Hans Anker meitsje har akteardebút yn De Kameleon 2. De twa advokaten út Ljouwert komme yn de film de twilling Hielke en Sietse Klinkhamer tsjin. Se prate oer it twilling wêzen.

Neffens regisseur De Jong seinen de Ankers fuort ja doe't er se frege. It duo wie earder frege foar in rol yn de Kameleonfilm fan de studinteferiening Bernlef. Doe woenen se net. Kommissaris Nijpels docht ek mei oan de film dy't fan juny 2005 ôf te sjen wêze sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)