Brûns op EK foar Kamminga

02 aug 2014 - 07:16
  • Manon Kamminga

Manon Kamminga hat freed in brûnzen medalje wûn op de 20 kilometer ôffalkoers op it EK inline-skaten yn Dútslân. De ynwenster fan It Hearrenfean einige efter Francesca Lollobrigida út Italië en de Dútse Sabine Berg. It is al de tredde yndividuele medalje foar Kamminga op dit EK. Earder pakte se goud op de 1000 meter en sulver op de puntekoers.

Freed wie der ek noch brûns foar Michel Mulder, op de 500 meter. Mulder wennet tsjintwurdich ek op It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)