Brûns foar Zonderland op EK

29 apr 2007 - 16:40
  • Epke Zonderland yn aksje (foto: Martin de Jong)

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer hat by it Europeesk kampioenskip turnjen yn Amsterdam brûns wûn op it ûnderdiel brêge. It wie al in ferrassing dat er him pleatste foar de finale en in tredde plak wie hielendal boppe ferwachting.

Sneon waard er ek al sechde op de mearkamp en wie dêrmei de bêste Nederlanner ea op in Europeesk kampioenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)