Brûns foar Yvonne Nauta

29 nov 2013 - 16:48
  • Yvonne Nauta

Reedrydster Yvonne Nauta hat by de wrâldbekerwedstriden yn Astana foar it earst yn har karriêre in poadiumplak helle. De Twellingeaster waard tredde op de 5 km yn 7.04.64. De winst wie foar de Tsjechise Martina Sábliková yn in baanrekôr 6.59.88, de Dútse Claudia Pechstein waard twadde yn 7.01.10.

Thijsje Oenema waard op de 500 meter sechsde. De Jouster ried 37.92. Sang-Hwa Lee fan Súd-Koreä wie opnij oermachtich mei 37.27. Mayon Kuipers en Anice Das waarden 17e en 18e.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)