Brûns foar Sjinkie Knegt op 1000 meter

09 nov 2014 - 09:33
  • Sjinkie Knegt

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea hat by de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen yn Salt Lake City brûns pakt op de 1000 meter. Knegt hie noch wol heger einigje kinnen. Hy siet lang foaryn de groep, mar de Kanadees Patrick Duffy foel en naam Knegt hast mei. Hy bleau oerein, mar ferlear in soad gong. Victor An pakte dêrtroch frij ienfâldich it goud. De Súd-Koreaan Se Yeong Park waard twadde.

Knegt wist him mei Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat en Freek van der Wart net te pleatsen foar de finales op de ploege-achterfolging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)