Brûns foar Schuil/Nummerdor

05 aug 2007 - 16:08

Richard Schuil en Reinder Nummerdor binne snein tredde wurden yn it World Tour beachvolleybaltoernoai fan Klagenfurt. Schuil en syn maat wûnen de striid om it tredde plak mei 21-14, 21-8 fan 'e Brazilianen Marcia Araujo en Fabio Luiz.

It tredde plak smyt de Schuil en syn maat 23.000 dollar en 640 punten foar de wrâldranglist op. Dizze wike komme Schuil en Nummerdor yn aksje op it strân fan Scheveningen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)