Brûns foar Renate Groenewold

05 jan 2003 - 00:00

Renate Groenewold hat in brûnzen plak wûn op it EK allround. It goud gie op It Hearrenfean nei titelferdigener Anni Friesinger. De Dútse waard snein twadde op de ôfslutende 5 km, en earder wûn se de 500, 1500 en 3000 meter.

Claudia Pechstein behelle sulver op it EK. Sy wûn snein de 5 km, wylst Renate Groenewold tredde waard op dizze rit. Annamarie Thomas en Marja Vis foelen bûten de prizen mei in fyfde en sechsde plak yn it einklassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)