Brûns foar Norbruis op WK

01 sep 2014 - 05:56
  • Alyda Norbruis

Paralympysk hurdfytster Alyda Norbruis út Oerterp hat snein it brûns pakt op de WK Paracycling yn it Amerikaanske Greenville. De Oerterpse moast by de race op 'e dyk oer 51 kilometer de kopgroep al betiid rinne litte. Oan de ein kaam Norbruis knap werom en koe se de Sinese Sini Zeng noch ynhelje. Dêrtroch wie it tredde plak in feit.

De winst gong lykas by de tiidrit nei de Amerikaanse Allison Jones. It sulver wie foar Raquel Acinas Poncelas út Spanje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)