Sulver en brûns Nauta op 3000

15 mrt 2014 - 15:19

Yvonne Nauta fan Twellingea hat sneon op Thialf it brûns pakt yn it einklassemint op de 3000 meter by de wrâldbekerwedstriden. Nauta klokte yn de finalerit in tiid fan 4.03.65 wêrmei't se allinnich Annouk van der Weijden foargean litte moast. Van der Weijden wûn de finalerit, mar kaam yn it einklassemint net fierder as it njoggende plak. De winst yn it einklassemint op It Hearrenfean gong nei de grutte favorite Martina Sábliková út Tsjechië. It sulver wie foar de Dútse Claudia Pechstein.

Antoinette de Jong fan Rottum kaam mei har tiid fan 4.05.79 út op it sechsde plak, wat resultearre yn it achtste plak yn it einklassemint. Ireen Wüst kaam yn de finale net yn aksje op de 3 kilometer en einige yn it einklassemint op it sechsde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)