Brûns foar Marit Bouwmeester

26 apr 2014 - 18:14
  • Marit Bouwmeester

Sylster Marit Bouwmeester is der yn Hyères yn de medaljerace net yn slagge fan it brûnzen tredde plak ôf te kommen. Yn de medaljerace waard de Wartenster yn har Laser Radial twadde. De Belgise Evi van Acker wûn de wedstriid tusken de bêste tsien fan it klassemint en wûn sadwaande dizze wrâldbeker. De Wyt-Russise Tatiana Drozdovskaya waard tredde en twadde yn de einstân. De ferskillen yn de top trije wiene lyts: 41, 42 en 45 punten.

Pieter-Jan Postma, foar de medaljerace al winner yn de Finn, waard sechsde yn de finalerace.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)