Brûns foar Klopstra op EK judo

14 maaie 2004 - 00:00

Nynke Klopstra hat op it Europeesk Kampioenskip judo yn Boekarest de brûnzen medalje helle. Yn de kategory oant 48 kilo wûn se de 'lytse finale' fan de Russyske Bobalova.

Klopstra ferlear har earste wedstriid, mar wist fia de herkânsing de striid om it brûns te heljen. De Olympyske Spelen geane oars wol definityf oan Klopstra har noas foarby. Om har dêrfoar noch te pleatsen hie se it EK winne moatten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)